Bornmeer is in imprint fan 20 leafdesdichten en in liet fan wanhoop BV

Op kommende wei - Fryske literatuer
cornelis van der wal simon oosting eric hoekstra
Op 24 januari gepresenteerd:
Oebele Vries,
Asega is het dingtijd? De hoogtepunten van de Friese tekstoverlevering

De boeken fan Bornmeer binne te keap yn de boekhannel

NIJ

Nieuwe column van Freeyad Ibrahim

Dubbele nationaliteit

Jabik Veenbaas

De wite ûle

De alve ferhalen in dizze bondel biede in ryk ferskaat oan tema’s, motiven, perspektiven  en ferhaalfoarmen. Jabik Veenbaas lit sjen dat er wrâlden oproppe, sitewaasjes beskriuwe, en minsken ta libben bringe kin.

€ 15,00

veenbaas wite ûle

Nijntje in het Latijn

... en yn it Frysk

Albertina Soepboer
 
Kearsinne
De fersen yn Kearsinne binne ynspirearre op muzyk fan Beethoven, Schubert en Kurtag. Tema’s as leafde en fergonklikheid wurde yn elk fan de trije dielen dêr’t de bondel út bestiet, lykas yn in muzykstik, hieltyd op in oare wize foarmjûn.
 € 15,00
albertina soepboer - kearsinne Krekt ferskynd:

Arjan Hut 0506

Twa kameleons ...

Elmar Kuiper

Ut namme fan mysels

Nije fersen fan Elmar Kuiper, dy’t yn syn earste bondel Hertbyt al sjen liet dat er autentike, assosjative  poëzij mei in folslein eigen en yn dizze bondel ek hiel persoanlike toan skriuwt.

€ 15,00

elmar kuiper ut namme fan mysels

eric carle lytse kameleon

... en in kikkert


Lida Dykstra
&
Marije Tolman


Skattich

Knyntsje Tys hat skjin syn nocht. Omdat er sa lyts en pluzich is, fynt elkenien him skattich – en hy wòl net skattich wêze! Hy keapet in sinnebril en in motor, en besiket stoer te rinnen en lilk te sjen.
Mar helpt dat allegear wol?
€ 12,50

Sjoch hjir foar foto's fan de oanbieding

NIJS: Skattich krijt "De leespluim van de maand februari."
Lida Dykstra Skattich


Ulke Brolsma
Een slagje hier en daar – de Tsiendeiske Fjildtocht fan Hessel Brolsma

Ien fan de dielnimmers oan de Tsiendeiske Fjildtocht fan 1831 wie Hessel Brolsma út Stiens. Troch brieven hold er syn âlden op de hichte fan syn aventoeren yn Belgie en Brabân. In lytse 175 jier letter reizget syn betoerpakesizzer Ulke Brolsma him achternei en docht dêr yn dit boek ferslach fan. Oan de hân fan de brieven fan syn foarfaar skilderet er in byld fan dy histoaryske fjildtocht en it soldatelibben yn dy tiid. Tagelyk is it ek in ferslach fan in skriuwer dy’t him al dwaande hieltyd mear bewust wurdt fan syn Brolsma-woartels.
 € 15,00
brolsma - een slagje hier en daar

Hylke Speerstra
Neaken en bleat foar de dokter

Rasferteller Hylke Speerstra hat yn syn ferneamde ferhaleboeken it Fryske folkslibben op in ûnferjitlike manier fêstlein. Nei oanlieding fan syn santichste jierdei is Bornmeer úteinset mei it opnij útbringen fan dizze boeken. It earste diel dat ferskynt is Neaken en bleat foar de dokter, meinimmende, humoristyske, mar ek ûntroerende ferhalen út de sprekkeamer fan in húsdokter, in sjirurch, in toskedokter en in feedokter.

€ 12,50

neaken en bleat

Jaap Krol

M/F

Twa minsken, in man en frou, besykje mei har beiden in krusiale wike troch te kommen, wylst se flakby in tankstasjon wenje en slocht binne op scrabble. Mei in skerp each foar alle fleurige en tryste details beskriuwt Jaap Krol yn dizze koarte roman hoe’t dat op en ta giet.

€ 15,00

Jaap Krol MF
Eppie Dam
Abe, in byld fan in spiler
Wa’t Abe Lenstra werklik wie, sille we noait presys witte. Sels de minsken dy’t him better koenen, krigen gjin hichte fan him. In dit boek lit Eppie Dam dizze minsken oan it wurd: Abe syn heit en mem, syn broer, syn frou. Mar ek twa ploechgenoaten, in kollega-international en kenners mei in bytsje fuotbalferstân. Hun ferhalen jouwe in byld fan dizze ûngrypbere fuotballer.

Abe, in byld fan in spiler is in nij diel yn de VITA-rige, tagongklike biografyen fan beroemde Friezen foar lêzers fan 10 jier en âlder.  € 12,50
Epie Dam Abe in byld
Machiel Braaksma
 
Oeral binne bisten!
Sommige deistige dingen binne hiel oars as men tinkt…
Sa binne tûkjes en foarkjes eins hielendal gjin deistige dingen, mar ûnderdielen fan bisten.
Mar om’t minsken altyd alles skiftsje en opromje - de foarkjes by de foarkjes en de tûkjes by de tûkjes - wit hast gjinien dat.

 € 15,00
machiel braaksma - oeral binne bisten

Wieke de Haan
Ophysje en delbêdzje


Ophysje en delbêdzje is it ferfolch op it tige suksesfolle Optriuwe en ôfbliuwe dat yn 2005 ferskynde. Op ’e nij humoristyske ferhalen foar en oer froulju, no oer plastuiten, stofsûgers, kontaktadvertinsjes, fetslobberjen, weblogjende froulju, plakkende manlju, mobyltsjes, OMO-relaasjes en hygiëne op feestjes.
€ 9,90    
Wieke de Haan Ophysje en delbêdzje