WENJEN EN WURKJEN YN FRYSLAN
Arjen Versloot
Fryslân, 'it bêste lân fan d'ierde' hyt it. Mar hoe sit dat lân dan yninoar? Hoe sit it mei de wurkgelegenheid, wêr ferstjinje de minsken it meast en wêr kinne jo goed wen- of bedriuwskavels keapje? Wêr lizze de natoergebieten, wêr hat de Frysk Nasjonale Partij de grutste oanhing en hoe sit it no winliken mei dy sintrumposysje fan Ljouwert?
It binne allgear fragen dêr 't yn dizze atlas in antwurd op jûn wurdt. Yn mear as 50 heldere, oersichtlike kaarten komme aspekten fan bestjoer, befolking, ekonomy, ynfrastruktuer en wenomjouwing yn Fryslân op it aljemint. De kaarten wurde hieltiten yn gearhing meiinoar toand en begelaat troch tekst dy't it gehiel yn in aktueel ramt set en wiist op de opfallende of krekt ferburgen boadskippen fan de kaarten. Koartsein: in boek dêr 'tgjinien dy't midden yn 'e Fryske maatskippij stiet omhinne kin.
De auteur, drs. Arjen P. Versloot, studearre geografy en kartografy
yn Utert. Njonken dizze atlas makket er ûnder de namme 'Versloot-kartografy'
yn Hilaard kaarten foar boeken en brosjueres en plattegrûnen foar
ynformaasjepanelen.
WONEN EN WERKEN IN FRIESLAND
Arjen Versloot
Friesland 'it bêste lân fan d'ierde' zo heet het. Maar hoe zit dat land dan in elkaar? Hoe zit het met de werkgelegenheid, waar verdienen de mensen het meest en waar kan men goed woon- of bedrijfskavels kopen? Waar liggen de natuurgebieden, waar heeft de Frysk Nasjonale Partij de grootste aanhang en hoe zit het nou feitelijk met die centrumpositie van Leeuwarden?
Het zijn allemaal vragen waar in deze atlas een antwoord op wordt gegeven. In meer dan 50 helder en overzichtlijke kaarten komen aspecten van bestuur, bevolking, economie, infrastructuur en woonomgeving in Friesland aan de orde. De kaarten worden steeds in hun onderlinge samenhang getoond en door tekst begeleid die het geheel in een actueel kader plaatst en wijst op de opvallende of juist verborgen boodschappen van de kaarten. Met andere woorden: een boek waar niemand die midden in de Friese samenleving staat omheen kan.
De auteur, drs. Arjen P. Versloot, studeer-de geografie en kartografie
in Utrecht. Naast deze atlas maakt hij onder de naam 'Versloot-kartografy'
in Hijlaard kaarten voor boeken en brochures en plattegronden voor informatiepanelen.