Dolf Verroen
IN NUVER FAMKE

In nuver famke giet oer Baukje, in famke dat altiten ferlyfd is. As der in nije buorjonge neist har komt te wenjen, kin it net oars of se wurdt ek ferlyfd op him. Om him te krijen ropt se ditkear wûndere krêften te help.
Dolf Verroen hat dit boek spesjaal foar Fryslân skreaun. Oft der ek in Nederlânske ferzje fan komt, is op dit stuit noch net wis.
De yllustraasjes binne fan Hubertus de Jong, de Fryske oersetting is fan Bouke Oldenhof.

ISBN 90 5615 030 8
Ynbûn yn hurde kaft
Priis € 7,22
 


Dolf Verroen (1928) hat al tsientallen berneboeken op syn namme, dêr't er ferskate prizen foar krige. Bekende titels binne: Een leeuw met lange tanden, De liefste poes van de wereld en De verschrikkelijke schoolmeester. Hy wennet al jierren yn St. Nyk en woe no ek wolris in boek skriuwe dat him yn Fryslân ôfspilet.

Hubertus de Jong (1947) is byldzjend keunstner, mar hat ek ferskate boeken yllustrearre. Boppedat hat er sels ek twa printeboeken makke: Jurre en Burre en Jurre en it sirkus. Hy wennet yn Hijum.