![]() |
Yn it jier 12 foar Kristus tinkt it keizer Augustus goed it machtige Romeinske ryk oan de Elbe ta út te wreidzjen. Dêrom wurde de legioenen - ûnder lieding fan Drusus - nei it noarden ta stjoerd om de Friezen en de Chauken oan it Romeinske gesach te ûnder-werpen. Yn 't earstoan kinne de Friezen - dy't it terpelân yn de kuststrook tusken Ryn en Iems befolkje - it bêst mei de Romeinen fine. Mar as Olennius it hjir foar it sizzen krijt en him net oan it freonskips-ferdrach hâlde wol en in ûnmooglike skatting fan kowehûden easket, brekt der in opstân út.Tsjin dat histoarysk dekôr spilet dizze roman him ôf: in mingeling fan feiten en fiksje. In ferhaal oer trou en ûntrou, oer freonskip en ferrie, oer grutte wurden en lytse dieden. In ferhaal oer in mienskip fan twatûzen jier lyn, mar tagelyk ek in ferhaal oer no en oer ús, oer minsken lykas jo en ik.
|
|
|
|
|
[Oer
Akky van der Veer] [Kuneara] |
| Oer de skriuwster | |
![]() |
Akky
van der Veer waard yn 1943 berne yn Moarmwâld (no Damwâld).
Se folge in ieding ta ûnderwizeres en stie oan skoalle yn Pesse
(Drinte), Snits en Menaam. Har literêre wurk omfettet meardere sjenres: romans en jongereinboeken, ferhalen, toaniel, kabaret en berneferskes. Se debutearre yn 1973 by de KFFB mei de roman Read hier en reinwetter, folge troch in tal berne- en jongereinboeken, lykas: Moai waar op 'e Lemmer (1980) en Koartsluting (1991). Tegearre mei Baukje Wytsma skreau se yn 1987, 1988 en 1989 it berneboekewikegeskink oer Frou Hilarides. Akky van der Veer waard benammen bekend troch Swart op wyt, ien fan de súksesfolste Fryske jongereinboeken. It waard oerset yn it Nederlânsk en krige tal fan prizen; earst de Simke Kloostermanpriis, dêrnei de Premio Europeo di Litteratura Giovanile, en nei it ferskinen fan de Nederlânske oersetting, ek noch in Vlag en Wimpel van de CPNB. Fan har histoaryske roman Grutte Wurden (1995) ferskynde sawol in Nederlânske (Gezworen Woorden, Leopold 1996) as in Dútske oersetting (Die Männer von Midgard, Urachhaus 1998). Yn 2000 skriuw se it Boekewikegeskink Kuneara, in histoaryske novelle, dy't him ôfspilet yn 337. |