Lida Dykstra  

Lederwyntsje, bern mei krêften

Mei yllustraasjes fan Monique Beyer

Lederwyntsje wennet mei har pake en har geit Kekke yn in spitkeet. As pake op in dei fuortgiet mei syn hannel yn potten en pannen en net weromkomt, giet se him mei Kekke achternei. Op har syktocht komt se telâne by Meeps, Line en Kwikke, trije wite juffers mei magyske krêften. Dêr ûntdekt Lederwyntsje dat sy ek bysûndere kreften hat, dy’t har úteinlik noch goed fan pas komme by it weromfinen fan pake. 

De dingen dy’t Lederwyntsje fan de juffers leart, skriuwt se allegearre yn in lyts boekje - en dat ‘resepteboekje’ sit as presintsje by dit boek. 

 ISBN 90 5615 107 X

160 siden, priis €13,50,