Eppie Dam / Anton Koolhaas Mezen meitsje toch gjin rúzje? Mei printen fan Gerrit Terpstra.

Eppie Dam
© Foto Reyer Boxem

 

De skriuwer Anton Koolhaas is bekend wurden om syn bisteferhalen. Dy binne net itselde as oare bekende bisteferhalen en fabels. Dêryn binne bisten faak krekt minsken, en is it dúdlik dat de skriuwer de lêzers wat leare wol. Koolhaas skriuwt folle mear út ’e bisten sels wei. Hy jout se wol minslike trekjes mei, mar hy lit se yn har eigen wrâld.

De ferhalen binne skreaun foar folwoeksenen, mar de toan en de ynhâld sprekke ek jongeren en bern oan. Eppie Dam hat acht ferhalen oerset en bewurke foar dizze groep - wat oars net sizze wol dat dizze ferhalen ek net nijsgjirrich wêze soenen foar folwoeksenen.
 

, 76 siden, priis € 13,50
isbn 90 5615 090 1
foarmjouwing: Gert Jan Slagter

home