Alve ûnromantyske ferhalen oer leafde, seks en relaasjes

Jetske Bilker

IN NACHT FAN HUS

 

Piter en ik hawwe it goed, mimerje ik. Hoe soenen oare minsken dat no hawwe? Dy krije der dochs ek wolris genôch fan. It is ommers altyd itselde. Men wurdt der net mear oars fan, lykas doe. Yn it begjin is alles moai. Omdat it frjemd is, is it spannend. In frjemde neakene hûd stiet stroom op, mar dy fan Piter is as myn eigen.
 

Jelle Krol yn De Leeuwarder Courant fan 7 maart 1997 oer In nacht fan hûs: `Stik foar stik binne de ferhalen fan In nacht fan hûs ferrassend. Jetske Bilker har ferhalen meitsje nijsgjirrich en stige út boppe it inkelde fan it beskriuwen fan muoisume relaasjes. It boek bringt de Fryske literatuer lang om let wer wat by de tiid en makket dyselde literatuer war rommer fan perspektyf. In grutte fertsjinste is boppedat dat de skriuwster har ferhalen krûdet mei humor en dat hja de swierrichheden en probleemkes fan it moderne leven treffend wit te typearjen.'

ISBN 90-5615-013-8
Omslachûntwerp: Gertjan Slagter, Grins
180 siden, priis € 12,03 
Bestelle
Oer de skriuwster
Jetske Bilker (1960) studearre Algemiene Literatuerwittenskip oan de RU yn Grins. Se wurket as oersetster en lerares Nederlâns.
In 1988 debutearre se mei de roman Imitaasjelear, dêr't se yn 1990 de Fedde Schurerpriis foar krige. In nacht fan hûs (`1997) wie har twadde boek. Yn 2004 skreau se it Fryske boekewikegeskink Oar plak oare tiid
Jetske Bilker
Foto Gaaikema
Groningen
home
www.jetskebilker.nl