NIJS / NIEUWS

11 maart 2003 - Tsead Bruinja is snein 16 maart te gast yn it programma De Koperen Tún, op Omrop Fryslân, 13.00 - 14.00 oere.

11 maart 2003 - Nei oanlieding fan it ferskinen fan de essaybondel De lêzer is in duvel fan Jabik Veenbaas organisearret it Literêr-histoarysk Wurkferbân yn de mande mei Utjouwerij Bornmeer in sympoasium ûnder de titel It formalisme achterhelle. Op dizze jûn sille twa sintrale eleminten út it boek oan de oarder komme.
Foar it skoft stiet it formalisme sintraal, dat lang foar master opslein hat yn de Fryske literatuer. "In machtige bent binnen de Fryske literêre wrâld: dy fan de Q-skriuwers Trinus Riemersma, Josse de Haan en Steven de Jong, mei har formalisme en har aksint op de maatskippijkrityk ..." fertsjinwurdiget neffens Jabik Veenbaas "... in nijsgjirrige streaming, mar ... lijt oan selsoerskatting. Hy tinkt dat syn literêre opfettingen de iennichste goede binne, hy is dogmatysk yn it oanlizzen fan literêre mjitstêven, benammen as it om it proaza giet, en feroardielet kollega-skriuwers dy't der oare mjitstêven op nei hâlde." Op dizze stelling sil reagearre wurde troch in foarum mei Trinus Riemersma, Albertina Soepboer en Gerbrich van der Meer.
Nei it skoft sil it gean oer de estetika en poëtika dy't Veenbaas foarstiet. Yn syn essay 'De keunst as metropoal' set er syn gedachten útien oer in humanitêre estetika Fierder pleitet er foar in "brede tolerante poëtika, ... in poëtika dy't binnen it proaza net allinnich romte biedt foar it foarm-eksperimint, mar ek foar it realisme en de psychology." De earste kwaliteiten dy't fan in modern boek frege wurde, binne neffens him oarspronklikheid en autentisiteit.
De foarumleden Riemersma, Soepboer en Van der Meer sille wer dúdlik meitsje hoe't sy hjir tsjinoan sjogge. Alle bydragen sille fan sneon 15 maart ôf te lêzen wêze op www.farsk.nl

Datum: freed 14 maart 2003
Tiid 20.00 oere
Plak: It Aljemint, Fryske Akademy, Doelestraat 8, Ljouwert
Tagong fergees

22 febrewaris 2003 - Yn de wike fan 24 febrewaris oant 1 maart sil yn de rige fan it programma Omnium fan Omrop Fryslân (tusken 11.00 en 12.00) alle dagen in dichter syn favorite fers foarlêze, sa't it opnaam is yn Wrâld, finster, gedicht.

20 febrewaris 2003 - Op tongersdei 20 febrewaris 2003 sil yn Harns de presintaasje plakfine fan it boek Wrâld, finster, gedicht. Foar dit boek hawwe 30 Fryske dichters harren favorite fers út de wrâldliteratuer oerset yn it Frysk, en in taljochting jûn op harren kar. It wie in projekt yn 'e mande mei Kistwurk. Dielnimmers wienen û.o. Margriet Poortstra, Eppie Dam, Tsead Bruinja, Tiny Mulder, Lida Dykstra, Harmen Wind, Durk van der Ploeg, Eric Hoekstra, Theun de Vries, Goaitsen van der Vliet, Jabik Veenbaas en Albertina Soepboer. Se sochten fersen út fan Auden, Szymborska, Eichendorff, Rilke, Hölderlin en Ted Hughes en oaren.
De presintaasje sil yn hannen wêze fan Douwe Kootstra. Op it program stiet ûnder oaren it oanbieden fan it earste eksimplaar oan Tiny Mulder, en as tige nijsgjirrich ûnderdiel in dûbel-ynterview mei Margryt Poortstra en P.C. Hooftpriis-winnares Eva Gerlach.. Fierder sille in tal dichters harren oersetting foarlêze. De muzyk is fan 3 man + 1 piano. Plak: De Lichtboei, Rommelhaven 22, Harns. It begjint om 19.45 oere en de tagong is € 5,00.

12 febrewaris 2003 - Spikergek fan Anny de Jong, foarmjûn troch Barbara Jonkers, Wettersek fan Jaap Krol en De Suertsjeplysje fan Lida Dykstra, beide foarmjûn troch Gert Jan Slagter, binne nominearre foar de jierlikse foarmjouwingsprizen foar Fryske boeken.

7 desimber 2002 - Op sneon 14 desimber is yn teater Romein yn Ljouwert in lietejûn mei muzyk fan Bauke Annes Visser en Bernard Smilde. Van de lêste sil útfierd wurde: De lieten fan de Swette, op teksten fan Tine Bethlehem. De útfierenden binne Femke de Boer (mezzo-sopraan), Dinie Buis-Santing (sopraan), Jaap Hoekstra (tenoar), Karin Volmer (piano) en Pauli Yap (piano). De jûn begjint om 20.00 oere. Tagong € 5,00.

25 november 2002 - `t Literatuerfabryk presenteert een poëtische avond met de dichters: Mowaffk Al-Sawad, Piter Boersma, Meindert Talma, Sieger M. Geertsma, Tsead Bruinja, Abe de Vries, Jacobus Q. Smink, Al Galidi, Salah Hassan en Kasper Peters.
Tijdens deze avond zal Meindert Talma nieuwe gedichten voordragen, soms accapella gezongen. Tevens brengen Rienk Kruiderink & Rudolf Bezembinder gedichten met pianomuziek van de Spaanse componist Frederico Mompou. Abe de Vries, buitenlandjournalist bij Elsevier, zal voorlezen uit zijn net verschenen bundel 'De weromkommer yn it ûnlân'. De Irakese dichters Al Galidi, Mowaffk Al-Sawad en Salah Hassan dragen voor in het Arabisch en in het Nederlands. Tsead Bruinja treedt op samen met videokunstenaar Alan D. Joseph. Piter Boersma vertolkt zijn nieuwe Friese sonnetten en de alt Rickie Edens brengt samen met pianist Robert Haverkort de Wezendonk liederen van Wagner voor het voetlicht. De Poëziefabriek: Kasper Peters, Sieger M. Geertsma brengen hun gedichten op muzikale soundscapes van toetsenis Michiel Rasker.[persbericht]
Plaats: Theater Romein, Bagijnestraat 59, Leeuwarden
Datum: zaterdag 30 november 2002
Aanvang: 20.30 uur
Toegang: € 7,- / 6,- collegekaart, CJP pas 65+ / € 5,- Romeinpas

28 oktober 2002 - Oer in pear wiken ferskynt de twadde druk fan Wachten op Apollo, de Nederlânse oersetting fan Wolken fan wol fan Lida Dykstra. De earste druk ferskynde yn septimber 2001. De ferkeap gie mei sprongen omheech nei't it boek op 29 septimber in Vlag en Wimpel krigen hie.

8 oktober 2002 - De Dr. Obe Postma-priis foar oersettingen giet dit jier nei Eric Hoekstra foar syn oersetting fan Also sprach Zarathustra fan Friedrich Nietzsche. De sjuery priizget it "rike, kreative" Frysk en fynt de oersetting konsistint en rjocht dwaand oan de grûntekst. Neffens de sjuery is it allinne al in kompliment wurdich dat Eric Hoekstra "it drege en komplekse kerwei ta in goed ein brocht hat.''
De priis wurdt ien kear yn de trije jier takend en bestiet út in jildbedrach fan € 2000 en in oarkonde. De sjuery bestie út drs. A.T. Boersma - van der Mark, drs. E. Bruinsma en Tj. Veenstra. Eardere winners wienen û.o. Klaas Bruinsma en it duo Jarich Hoekstra & Harke Bremer.
© foto: Reyer Boxem

2 oktober - Yn Basel hat Lida Dykstra it IBBY-Honour List-diploma yn ûntfangst naam foar Wolken fan wol. Klik hjir om dat te sjen op in (hiel koart) filmke.

28 septimber 2002 - Van 2 oktober oant 27 oktober is der ûnder de titel Van Billebiter tot Juffrouw Kummel yn it entreegebou fan it Museum Joure in eksposysje te sjen oer it wurk fan Lida Dykstra.

24 septimber 2002 - Lida Dykstra sil tiisdei 1 oktober oansitte by in lunch mei keizerin Michiko fan Japan. Dit sil heve op in kongres fan de IBBY yn Basel, dêr't se allerhande fersiersels yn ûntfangst nimme sil om't har boek Wolken fan wol útkeazen is foar de IBBY Honour-list. De keizerin is beskermfrouwe fan de IBBY.
De IBBY- Honour-list wurdt ien kear yn de twa jier opmakke. De kar wurdt makke troch de nasjonale seksjes fan de IBBY. Wolken fan wol is opnommen yn in katalogus en sil te sjen wêze op in tentoanstelling fan alle bekroande wurken. It bekroane boek moat net allinne representatyf wêze foar de jongereinliteratuer yn in bepaald lân of taalgebiet, mar ek geskikt wêze foar publikaasje yn oare lannen. De IBBY (International Board on Books for Young People) is de organisaasje dy't har dwaande hâldt mei 'it byinoar bringen fan jongerien en boeken' (sjoch: www.ibby.org ),

9 augustus 2002 - Abe de Vries út Hoofddorp, redakteur by it wykblêd Elsevier en redakteur fan it literêr tydskrift Kistwurk, hat in Rely Jorritsmapriis krigen foar it gedicht ‘Fersen fan Ferjitten.’ Ytsje Hettinga-Van der Heide krige in priis foar it ferhaal “Oessy”. De prizen wurde útrikt op 5 oktober. Abe de Vries syn debútbondel, De weromkommer yn it ûnlân sil yn oktober/novimber 2002 ferskine by Bornmeer. Sjoch: www.abedevries.nl en www.kistwurk.nl.

30 juny 2002 - Lida Dykstra is snein 30 juny in oere lang te hearren yn in simmerôfleverimg fan De Koperen Tún fan Aly van der Mark. Yn juny, july en augustus stiet hieltyd ien gast út de Fryske kulturele wrâld sintraal. Der wurdt praat oer libben en wurk, en de gast nimt syn of har favorite muzyk mei. It programma begjint om 13.00 oere.

7 juni 2002 - Op vrijdag 7 juni wordt in Groningen de debuutbundel van de Irakese dichter Mowaffk Al-Sawad gepresenteerd.
Tijdens deze literaire avond wordt voorgelezen door de dichters Bart FM Droog, Sieger M. Geertsma, Peter de Groot, Paul Janssen, Petra Else Jekel, Ronald Ohlsen, Rense Sinkgraven en Matty de Vries. De muziek wordt verzorgd door Arash Salek. Salek speelt traditionele Iraanse muziek op de santour, een indrukwekkend snaarinstrument waarbij de snaren met lepels worden bespeeld. De presentatie is in handen van Tsead Bruinja. Plaats: Universiteitstheater, Oude Kijk in 't Jatstraat 26, Groningen (050-3636128), datum: vrijdag 7 juni 2002, aanvang: 20.30 uur, entree: gratis

6 juni 2002 - De tentoonstelling De Oudheid in handen, over klassieke handschriften uit de collectie van de Provinciale Bibliotheek in Leeuwarden, is verlengd tot en met 19 juli. Van het bijbehorende boek van prof. Jos M.M. Hermans en drs. Aline Pastoors verschijnt op 15 juni een tweede druk.

3 juny 2002 - De Nederlânse oersetting fan Wolken fan wol fan Lida Dykstra, Wachten op Apollo is bekroand mei in Vlag en Wimpel fan de jury fan de Gouden Griffel-prizen. "Vlag en wimpels" binne neffens de CPNB, dy't se útrikt, te beskôgjen as "eervolle vermeldingen." De Gouden Griffel gie dit jier nei Peter van Gestel foar syn boek Winterijs. Sjoch foar mear ynformaasje op de website fan de CPNB ûnder "Pers."

1 mei 2002 - Wachten op Apollo, de Nederlânse oersetting fan Wolken fan Wol fan Lida Dykstra, is troch in sjuery fan saakkundigen útkeazen as ien fan de 15 'kerntitels' foar de Jonge Jury 2003. De Jonge Jury is de publykspriis foar it bêste jongereinboek, d.w.s. boeken dy't skreaun binne foar jongeren tusken de 12 en 16 jier.
Mear informaasje: www.jongejury.nl

23 maart 2002 - Mowaffk Al-Sawad krijgt toch de El-Hizjra literatuurprijs. De prijs bestaat onder meer uit een oorkonde, drie exemplaren van de bundel In de genade van de zon (waarin het bekroonde werk is opgenomen), en een bedrag van € 340. Meer over deze kwestie is te lezen in het nieuwsarchief van Rottend Staal Online.

19 maart 2002 - Het centrum voor Arabische kunst en cultuur El Hizjra heeft bekendgemaakt dat de hieronder vermelde prijs voor Mowaffk Al Sawad wordt ingetrokken: "Enkele winnaars bleken zonder afbericht of geldige reden niet bij de prijsuitreiking aanwezig. Zij verliezen daarmee, zoals van te voren aangekondigd, hun prijs."

18 maart 2002 - Mowaffk Al-Sawad heeft voor twee van zijn gedichten de jaarlijkse literatuurprijs van El Hizjra, het centrum voor Arabische kunst en cultuur, gekregen. De jury bestond uit Jana Beranová, dichteres, Arie van den Berg, dichter en literatuurcriticus, As'ad Jaber, arabist, gespecialiseerd in de Arabische letterkunde, Abdelkader Matoug, Arabischtalig schrijver en Mustapha Stitou, dichter. De prijs werd - in afwezigheid van Mowaffk Al-Sawad - uitgereikt door burgemeester Cohen van Amsterdam.

10 maart 2002 - Op 10 maart wurdt fan 14.00 oere ôf yn it kafee fan Parnas, Raadhuisplein 25 yn Ljouwert in program organisearre mei de titel Kofje/tee mei gedicht. Tine Bethlehem lêst fersen foar, wylst Lies Kuyers in tal fersen fan Tine Bethlehem, dy't op musyk setten binne troch Bernard Smilde, sjonge sil.

17febrewaris 2002 - Wetter en stien fan Tine Bethlehem en Elske Riemersma, foarmjûn troch Gert Jan Slagter, is bekroand mei de Liuweprint foar it bêst fersoarge boek.De priis waard útrikt yn it programma De Koperen Tún fan Omrop Fryslan. Ut it sjueryrapport: De geve kombinaasje fan griis papier en swarte letter foar de gedichten en de hast abstrakte foto's yn alle mooglike griis-swarttinten op glânzjend papier lûke hjir de oandacht. De skreefleaze letter wurdt konsekwint folhâlden, ek op de oranje linnense bân dêr't yn in fersonken kaderke ek in nijsgjirrige foto sit. In klassike estetyske útjefte. De bondel hat earder ek al in "eervolle vermelding" krigen by de Vormgevingsprijs 2001 (sjoch ûnder 27 oktober 2001)

13 febrewaris 2002 - Listen fan goaden en bisten, fiif Fryske fabels en Wetter en stien fan Tine Bethlehem en Elske Riemersma binne nominearre foar de Liuweprint 2002. Beide boeken binne foarmjûn troch Gert Jan Slagter.

22 desimber 2001- Yn de Schrijversschool yn Grins is de nije bondel fan Tsead Bruinja presintearre, De man dy't rinne moat. Oan de presintaasje wurken mei: : Mowaffk Al-Sawad, Pier Boorsma, Bart FM Droog, Peter de Groot, Willem Groenewegen, Wouter Godijn, Tjitse Hofman, Petra Else Jekel, Volken B. de Vlas, Nyk de Vries, Cornelis van der Wal en Daniël Dee.

12 december 2001 - Al Galidi heeft gisteravond de Phenix-prijs ontvangen, als winnaar van een essaywedstrijd die door de Phenix Foundation was georganiseerd in samenwerking met NRC Handelsblad en de Belgische krant De Standaard. De Phenix Foundation is een organisatie die ,,de rijkdom aan culturen in Nederland beter tot uitdrukking wil laten komen in het kunstaanbod'', aldus de website van de Foundation. Het thema van de wedstrijd was 'Nieuw leven in de Lage Landen'. Volgens het juryrapport zet Al Galidi in zijn essay Tegen de tijd de jachtigheid van het bestaan in Nederland en het leven in Irak in oorlogstijd tegenover elkaar. Al Galidi is door de jury als winnaar aangewezen uit een groep van vijf schrijvers wier bijdragen eerder dit jaar waren geselecteerd voor publikatie in NRC Handelsblad en De Standaard. Aan de prijs is een geldbedrag verbonden van 7.500 gulden.
Al Galidi is na omzwervingen door onder andere Thailand en Maleisië terechtgekomen in Nederland. Hij is een uitgeprocedeerde asielzoeker. Zijn advocaat, mr. P. Bogaers zei vanmorgen dat de Nederlandse autoriteiten ,,het eerste asielverzoek hebben afgewezen omdat men twijfelde aan zijn schrijversschap''. Volgens Bogaers is Nederland ,,buitengewoon klein gebleken in de beoordeling van zijn situatie. Men neemt niet de tijd om naar mensen te luisteren. Deze man is een aanwinst voor Nederland''. Al Galidi heeft een dichtbundel gepubliceerd en is columnist bij twee regionale kranten. Hij vertelt dat hij zal proberen naar Australië te gaan als hij daadwerkelijk wordt uitgewezen door Nederland.(bron: NRC 12 december 2001)

27 oktober 2001 - Gert Jan Slagter en útjouwerij Bornmeer hawwe by de Vormgevingssprijs 2001 in "eervolle vermelding" krigen foar de útjefte Wetter en stien fan Tine Bethlehem en Elske Riemersma. By dizze vermelding hearde in bedrach fan fl. 1000,00.

29 septimber 2001 - De bondel Wetter en stien fan Tine Bethlehem (fersen) en Elske Riemersma (foto's) is nominearre foar de nije Vormgevingsprijs 2001 fan de provinsje Fryslan. It ûntwerp is fan Gert Jan Slagter.

28 septimber 2001 - Yn boekhannel Van der Velde yn Ljouwert is fannemiddei it earste eksimplaar fan Wachten op Apollo, de Nederlânse oersetting fan Wolken fan wol fan Lida Dykstra oerhannige oan deputearre Bertus Mulder.

juli 2001 - Een essay van Al Galidi is genomineerd voor de Phenix Essayprijs, die is ingesteld door de Phenix Foundation. Het thema van deze prijsvraag was 'Nieuw leven in de Lage Landen' - hoe is het voor nieuwkomers om een bestaan op te bouwen in Nederland of België? De jury stond onder voorzitterschap van Frits Bolkestein. De prijs zal in het najaar worden uitgereikt.
De Phenix Foundation is een initiatief van een aantal fondsen, waaronder het Fonds voor de Podiumkunsten, Podiumkunstwerk, de Mondriaanstichting en het VSB-fonds. Het is een stichting die beoogt de culturele diversiteit in de kunsten te versterken. De Phenix Foundation richt zich zowel op de scheppende als de uitvoerende kunsten en wil met name de ontwikkeling van (jonge) talenten en initiatieven ondersteunen, die binnen de huidige structuur tussen de wal en het schip dreigen te vallen.

july 2001 - Utjouwerij Lemmniscaat yn Rotterdam sil nei Wolken fan wol fan Lida Dykstra no ek Snotaapkes en it noch te ferskinen diel II fan de aventoeren fan Boltsje de Boer, De suertsjeplysje, yn it Nederlâns útbringe.

juny 2001 - Wolken fan wol fan Lida Dykstra is útkeazen foar de Honour List fan de IBBY Dizze list wurdt ien kear yn de twa jier opmakke. De kar wurdt makke troch de nasjonale seksjes fan de IBBY. By de útferkiezing heart in diploma, dat útrikt wurdt op it kongres fan de IBBY. It boek wurdt ek opnommen yn in katalogus en sil te sjen wêze op in tentoanstelling fan alle bekroande wurken. It bekroane boek moat net allinne representatyf wêze foar de jongereinliteratuer yn in bepaald lân of taalgebiet, mar ek geskikt wêze foar publikaasje yn oare lannen. De IBBY (International Board on Books for Young People) is de organisaasje dy't har dwaande hâldt mei 'it byinoar bringen fan jongerien en boeken' (sjoch: www.ibby.org