512 siden, priis
€ 29,50ISBN 90-5615-126-6 |
Fan 8 juny ôf yn de boekhannel |
![]() |
‘Wêr komt de
driuw wei om sa yn it ferline om te dollen?’ skriuwt
Speerstra yn syn neiwurd.
‘Wat hat it te betsjutten om âlde skerven op te
graven dêr’t it gehiel dochs
net mear fan ynelkoar te lymjen is? Wêrom sil men besykje de
deaden harren stim
werom te jaan? It is in foarm om in werklikheid stâl
te jaan dy’t it tichtst by de werklikheid
leit. Tagelyk is it in syktocht nei
it boerebern dat ik sels wie en bliuw. It is it nuveraardige langstme
nei it
plak dêr’t myn foarfaren opgroeiden, besochten te
oerlibjen en in bestean hopen
te finen; it is de hing nei in libbenssfear dy’t ik leave,
soms freze, dy’t my
bytiden beneare, dy’t ik úteinlik ferlitte soe.
Omdat de taaie grûn blykber te
folle frege en te min weromjoech. En omdat in oare wrâld en
takomst my lutsen.’ |