| Regaad yn 'e himel | Steven Sterk |
|
As
Andrys van
der Keur nei
in oppassend
libben yn
’e himel
komt, blykt
it dêr in
soadsje te wêzen.
It bewâld
wurdt net
fierd troch
God, mar
troch
Bismarck,
Petrus en
Jehannes, en
der is gjin
sprake fan
oarder en
tucht,
earder
oarsom.
Andrys nimt
de taak op
him om ris
fiks regaad
te meitsjen,
mar krijt
derby mei
hiel wat
partijen en
harren
belangen te
meitsjen. Regaad
yn ’e
himel
is in roman
grôtfol
sterke
stikken,
moaie
froulju en
stjonkende
duvelkes. It
is in ûntdekkingstocht
troch in
himel dêr’t
ierdske
swakheden
noch altiten
foar master
opslaan. In
satire op
macht en
leauwe. Steven
Sterk (1958)
is keapman
yn boeken, hâldt
him fier fan
de
literatuer
en is út en
troch warber
as útjouwer. ISBN 90 5615 091 X E 13,50 (pap) E 25,00 (geb) |
![]() |