Jabik Veenbaas Metropolis  


Jabik Veenbaas (1959) studearre Ingelsk, Frysk en Wiisbegearte. Hy wurket as oersetter en kritikus, en hat as skriuwer de ferhalebondels Tusken himel en hel (1990) en De brulloft fan Valentijn (2000) op syn namme stean. Dêrneist skreau er ferskate toanielstikken. Mei de fersebondel Metropolis makket er syn debút as dichter.
[mear ynformaasje oer Jabik Veenbaas]

Jabik Veenbaas (1959) studeerde Engels, Fries en Wijsbegeerte. Hij werkt als vertaler en kritikus, en heeft als schrijver de verhalenbundels Tusken himel en hel (1990) en De brulloft fan Valentijn (2000) op zijn naam staan. Daarnaast schreef hij een aantal toneelstukken. Met de gedichtenbundel Metropolis maakt hij zijn debuut als dichter.

 

 


Metropolis
ISBN 90-5615-048-0

Foarmjouwing: Gert Jan Slagter
priis fl. 19,50 / € 8,90

home

 

IT HUS

it hûs is in famke
toudûnsjend op it paad
it famke falt myn knibbel
myn knibbel

it hûs is in frou
in tsjeppe frou mei dûnker hier
se hinget gerdinen foar it rút
se laket nei har earste bern
mar op in nacht giet se de doar út om te gûlen
en de stjerren te ferflokken

it hûs is in man
de man mei it swiere lûd
dy't de muorren set en mei in dak bedekt
de man mei de trije pipen oan 't lewant
de man dy't yn 'e bêdstee leit te hoastjen
wachtsjend op 'e lêste oere

it hûs is in skou en flechtsjend dier
it krûpt by de dyk op it is sa bang
se komme tichterby!
tink om it hûs!

it hûs is in stikkene stien
it hûs it hûs
in stikkene stien
it hûs
út: Metropolis (2001)