| Tine Bethlehem Wetter en stien Mei foto's fan Elske Riemersma Yn Wetter en stien binne Fryske en Nederlânse fersen fan
Tine Bethlehem bondele oer tema's as it libben, de leafde en it âlder
wurden. Dy tema's binne ûnder oaren projektearre op de natoer, it
lânskip, it deistich libben, relaasjes, taal en de bernetiid. Elske
Riemersma wie yn har foto's mei deselde tema's dwaande, reden om tegearre
dizze bondel te meitsjen. It boek hat in "eervolle vermelding"
krigen by de Vormgevingsprijs 2001 en waard ek bekroand mei de Liuweprint
foar it bêst fersoarge boek fan 2001.. |
![]() |
Jonkje Jesse, sasto
huppelst sa'sto
fregest sasto
sjongst
|
| Foarmjouwing: Gertjan Slagter | 64 siden, fl. 25,00 / euro 11,30 | ISBN 90 5615 046 4
|
|
Vormgevingsprijs 2001 Wetter en stien wie ien
fan de seis nominearen foar de Vormgevingsprijs 2001 fan de Provinsje
Fryslân. By de útrikking hat it boek in "eervolle
vermelding" krigen. By dizze vermelding hearde in jildbedrach
fan fl. 1000,00. Sitaat út it sjueryrapport: Liuweprint 2001 De geve kombinaasje fan griis papier en swarte letter foar de gedichten en de hast abstrakte foto's yn alle mooglike griis-swarttinten op glânzjend papier lûke hjir de oandacht. De skreefleaze letter wurdt konsekwint folhâlden, ek op de oranje linnense bân dêr't yn in fersonken kaderke ek in nijsgjirrige foto sit. In klassike estetyske útjefte.
|