Op dizze side stiet de stambeam fan de famylje Jagersma. Net allinnich de stambeam fan myn eigen famylje mar ek fan oare famyljes mei de namme Jagersma. In stambeam opstelle en meitsje kinst net allinnich. Fan in protte minsken ha ik dan ek ynformaasje hân. By de measte sides besykje ik oan te jaan fan wa de ynformaasje ôfkomstich is. Derneist hat KlaasJagersma út Burgum my yn de jierren njoggentich alderhande artikels, advertinsjes en gegevens fan Jagersma's tastjoerd. Syn gegevens binne oeral yn ferwurke.
Op de earste side stiet ynformaasje oer de namme, hoefolle famyljes Jagersma der binne en in soad algemiene gegevens oer genealogy en it ûndersyk.
Yn it linker finster stiet in yndeks mei de nammen fan de measte Jagersma's út ús famylje die yn dizze stambeam foarkomme.
Jo kinne ek fuortendaliks mei de stambeam begjinne, de rjochte line:
De earste ûndersikingen oangeande de stambeam binne start as gefolch fan in besyk fan in Folkert Jagersma yn it begjin fan de jierren santich, doe wy yn Assen wennen. Dizze Folkert besocht in stambeam te gearstallen troch alle Jagersma’s te besykjen en nei de mienskiplike sibben te freegjen. Hy fertelde boppedat in tal spannende ferhalen oangeande it ûntstean fan de famyljenamme. As gefolch fan dizze besite binne wy tige nijsgjirrich wurden en binne doe ek út ein setten bysûnderheden oer de famylje te sammeljen. Sûnder plan ha wy earst grêfstiennen mei de namme Jagersma yn de krite fan Snits oerskreaun. Nei't ús pake fertelde dat ús fuorlju út Exmorra kaam, binne wy ek mei de tsjerkehôven fan de Súdwesthoeke fan Fryslân begûn. Letter ha wy fierder ûndersyk dien yn de ryksargiven. De measte gegevens binnen fûn yn Tresoar yn Ljouwert, it argyf yn Grins, it CBG, en op it internet.
Net alle Jagersma’s binnen famylje fan inoar. Dit wie wol ús earste tinken, om ‘t de namme net folle foar kaam. Ek de ferhalen fan Folkert Jagersma liket dat te befêstigjen. Hy fertelde nammentlik dat alle Jagersma’s oarspronklik út de omkriten fan Arum en Kimswert ôfkomme en dat sy neiteam wienen fan in boer dy syn hiele besit ferlern hat yn in brân, allinnich syn hynder wurdt rêden. Tegearre mei dit hynder wurdt hy skipjager, sis mar de persoan die it fearskip lûkt. De grutte konsintraasjes Jagersma’s in Grinslân, soe ôfstamme fan twa Jagersma’s die mei Napoleons leger nei Ruslân lûke wienen en nei de fjildtocht net mear werom nei hûs ta doarden en doe mar yn Grinslân wenjen bliuwe. Moaie teltsjes, mar neat te bewizen.
Fia Folkert kamen wy ek in besit fan yn briefke fan frou S. Mertens-Jagersma. Sy tocht dat der trije famyljes Jagersma’s wienen, ien út de Wâlden, ien út Wûnseradiel en ien út Mearum in Grinslân. It feit dat der trije famyljes wiene, wie yn haadsaak baseart op de sprieding fan de namme Jagersma by de folkstelling fan 1947. De konklúzje wie hast just, de measte Jagersma’s hearre ta ien fan dizze trije famyljes. De konsintraasje Jagersma’s yn de súdwesthoeke binne besibbe fan de Jagersma’s út de Wâlden. De kearnregio’s fan de Jagersma’s binne dus Arum, Kûkherne in de Wâlden by Burgum en Feanwâlden en Mearum in Grinslân. Dizze genealogy giet benammen de Jagersma’s út de Wâlden oan. Op de side Mearumer Jagersma's wurdt koart in oersicht jûn fan de Grinzer Jagersma’s en op de side Arumer Jagersma's fan de Jagersma’s yn de kriten fan Arum. Letter ha ik noch ien famylje Jagersma fûn, die net besibbe is mei de oare famyljes. Dizze lytse famylje kaam út de omkriten fan de Gordyk en is opnommen op de side de Gordykster Jagersma's.
Foar de ynfiering fan de famyljenamme yn 1811 wurdt elkenien mei in patronym oantsjutte, dat is de foarnamme fan de heit. Ofke Johannes betsjut dus, Ofke de soan fan Johannes. Patronymen wurden oant midden fan de 19de ieu hânhâlden. Lyk nei de ynfiering fan de efternamme ha de measte minsken likegoed yn patronym as yn efternamme. It patronym blykt mei de efternamme lykwols oerstallich en ferdwûn om 1900 hinne hielendal. Allinnich as yn in doarp in soad minsken mei deselde efternamme wennen, wurden noch patronymen as bynamme brûkt om persoanen te ûnderskieden.
Betsjutting
De namme Jagersma is yn typysk Fryske namme. It bestiet út de stam ‘jager’ mei de bekende útgong ‘sma’ . Dizze útgong betsjut ‘ôfstammeling fan’ en wurdt meast brûkt mei yn (foar)namme as stam, like as: Riemersma, Sybesma, Thijsma, etc. Útsûnderlik wurdt de útgong ek wol brûkt yn de betsjutting fan ‘ôfkomstich fan’ sa as Hoeksma. By Jagersma hat lykwols de stam ‘jager’ meardere betsjuttings. Foarearst kin tocht wurde oan it wyldjeie of oan it skipjeie. Hiel apart bliuwt lykwols dat safolle sibben dizze efternamme keazen hawwe. Yn de ferhalen fan Folkert lykt it in skipjager te betsjutten. Dit berop is foar de Jagersma’s út de Wâlden net fûn. Meast wierskynlik is de namme in ôflieding fan it berop ‘bysjager’. Tsjintwurdich bestiet dit berop net mear, it wie de beneaming fan in soart fjildwachter. De funksje wurdt neist oare wurk útoefenje. Fan in grut tal besibben yn de famylje út de Wâlden witte wy dat sy as bysjager arbeide hawwe: Rienk Johannes omtrint 1680, syn twa soannen Jeremias Rienks en Johannes Rienks tusken 1720 en 1748. In omkesizzer fan harren, Jan Daniëls, wie bysjager tusken 1740 en 1760. Ek de soan fan Jeremias Rienks, Jan Jeremias, wie bysjager, fan 1755 oant 1790 en syn soan Hindrik Jans fan 1790 oan ’t de Frânske tiid yn 1795.
Doe't de Boargerlike Stân yn 1811 neffens Frânsk model ynfierd waard, betsjutte dat elkenien in fêste efternamme of famyljenamme oannimme moast. It hawwen fan in famyljenamme waard ferplichte mei in dekreet fan Napoleon. Elk haad fan in gesin moast de namme dy't er keazen hie registrearje litte op it gemeentehûs. Benammen yn it noarden en it easten fan Nederlân dêr't mannichien noch gjin famyljenamme brûkte, betsjutte dat in hiele feroaring. Ek de namme Jagersma wie foar dizze registraasje noch net folle brûkt. Út en troch kaam de efternamme yn de boarnen foar.
Dôch is troch de ferskillende staach fan de famylje foar de namme “Jagersma” of “de Jager” keazen. It kin poer tafallich wêze dat der yn ien famylje meardere farianten fan deselde efternamme brûkt wurde, mar in ôflieding fan yn mienskiplik feit, “de bysjager”, liket wol it meast oannimlik.
By de oanjefte fan 1811 nammen yn Fryslân de folgjende persoanen de namme Jagersma of (de) Jager oan:
Omdat hiel wat minsken net lêze en skriuwe koenen en der ek noch gjin lanlike staveringsregels bestienen, binne hiel wat nammen ferkeard yn de akten telâne kommen en letter wer feroare. Sa nimt Jan Jeremias de namme “Jager” oan, mar wurdt hy by syn dea “Jagersma” neamd. Ek it tsjinoerstelde komt foar; Sjoukjen Jans nimt foar har bern de namme Jagersma oan, mar dissen hjitten letter krekt as de oare neiteam fan Daniël Rienks “de Jager”.
Boarnen foar genealogysk ûndersyk
Hoe fierder werom yn it ferlieden hoe ûnwisser yn beskaat famyljeferbân faak wurdt. Net allinnich nimme it tal fan boarnen ôf, mar ek it tal fan genealogyske gegevens in de boarnen ferminderje sterk.
It ûndersyk is, like as alle ûndersiken, begûn yn de Boargerlike Stân. Dat is yn systeem fan berte-, houlik- en deadsakten dat sûnt 1811 yn elke gritenij of gemeente byhâlden wurdt. Yn de Boargerlike Stân is it spoar fan fierwei de measte persoanen werom te folge, dernei wurd it ûndersyk lestich. Foar de ynfiering fan de Boargerlike Stân waard der troch de oerheid amper in administraasje byhâlden fan de befolking. Allinne in lyts part fan de houliken waard yn Fryslân op it gritenijhûs sletten. As ferfanging is gebrûk makke fan de administraasje fan de pleatslike tsjerken. Yn stee fan berteäkten binne de doopregisters brûkt. Omdat de measte houliken yn tsjerke sletten waarden, binne ek de houliksregisters fan belang. De gegevens oer it ferstjerren binne tige krap. Fierder binne der noch de tsjerklike lidmateregisters. Al dizze registers wurde oantsjut as de "DTB" of de "DTBL". De DTB rint, út 'en rûgen, oer it tiidrek 1650-1811, mar it is foar eltse plak tige ferskillich oer hokker perioade der gegevens bewarre bleaun binne.
Bykommend probleem wie dat Fryslân tsjerklik fariearre wie. Mei namme in de 17de en 18de ieu bestiet in grut part fan de befolking út minnisten. De bernedoop fûn sekers, ek by de herfoarmden neat altyd pleats. Ferskate âldfaar lieten meardere bern tagelyk dopen (Sjoch bygelyks Jan Jeremias, hy doopte trije bern doe hy syn oanstelling as bysjager yn Hichtum krige). In protte bern binne dan ek neat yn de doopboeken werom te finen. Ek belidenis waard mar troch in pear famyljeleden dien, sa die oerpake Hindrik pas op syn 65ste belidenis.
Werom
Skriuwwize fan nammen
De skriuwwize fan nammen wol nochal ris ferskille omdat der gjin algemien foarskreaune foarmen bestiene. Hjir binne de measte nammen standerdisearre. De namme Johannes, kin in de boarnen ek as Joannes foarkommen. Ek de nammen Klaas en Claes wurde troch inoar brûkt, mar hjir as Klaas skreaun. De nammen in de boarnen binne meastal de Hollânske fariant.
Werom
Ferneame
Eartiids wurde bern altyd nei immen ferneamd. De âldste soan waard neamt nei de heit fan de heit, de âldste dochter nei de mem fan de mem, de twadde soan nei de heit fan de mem en de twadde dochter nei de mem fan de heit. Bij it stoarn fan in bern wurd it folgjende kind fan gelike geslacht dines namme jûn. Foar ús is it miskien nuver, mar in ferstoarne oare helte waard ek ferneamd bij de bern fan in folgjend houlik. In bysûndere fallen waarden ek oare persoanen ferneamd. (Sjoch bygelyks Feike Jans Jagersma, hy is nei syn omke en pleechheit Hantje Buma neamd). Boppesteande 'regels' binne tige wichtich om fêst te stelle of er tusken persoanen famyljebannen binnen. Foar mear informaasje sjoch Friezen gezocht, bl. 57 e.f.